Museum oer bestriding TBC

© Omrop Fryslân
Hielendal oerwûn is de sykte noch net, mar de TBC hat no in plakje krigen yn in museum. Yn Appelskea is freed yn it âld-sanatoarium Beatrixoord in museum iepene dat de bestriding fan de TBC yn de jierren fyftich toant.
Beatrixoord is al jierren ticht, mar de feriening bestiet noch altiten. Fanwege it hûndertjierrich bestean is no in museum fêstige mei opfallend guod.