Straub: 'Softdrugs legalisearje'
De tiid dy't de plysje stekt yn de bestriding fan de hannel en produksje fan drugs, kin eins folle better brûkt wurde. Dat seit plysjesjef Straub fan Opsterlân en Smellingerlân. Softdrugs kinne om him wol legalisearre wurde.
Neffens Straub kin de sosjale wurkfoarsjenning wol weed ferbouwe. Wurkfoarsjenning Caparis yn Drachten fielt lykwols neat foar dat plan.