Jeugdsoarch kin fraach net oan
Jeugdsoarch Fryslân hat in alarmearjend heech tal oanmeldings binnenkrigen. Oant no binne 40% mear gefallen opjûn as ferline jier. It giet dan om saken as bernemishanneling.
Op it stuit is der in wachtlist fan 34 bern dy't noch yn behanneling nommen wurde moatte. Direkteur Hergaarden is ferbjustere om't de gesinsfâldij ek noch besunigje moat.