Twa ferwûnen by auto-ûngelok

05 sep 2002 - 00:00

In man (33) fan De Jouwer en in frou (20) út It Hearrenfean binne ferwûne rekke by in ûngelok. De auto lei op de kop op it talúd by it ferkearsplein by It Hearrenfean. De bestjoerder lei 15 meter fierderop. Hy wie bewusteloas. Noch wer fierder lei de ferwûne frou.

De slachtoffers binne nei it sikehûs brocht. De plysje ûndersiket de oarsaak fan it ûngelok.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)