Pony dea, ruter yn sikehûs
In famke fan sechtjin út Bakhuzen is woansdei yn it sikehûs rekke. Se makke in ritsje op in pony. Flak foar in skerpe bocht sloech it bist op hol. It fanke en de pony bedarren yn de sleat.
De pony is stoarn. De brânwacht helle it famke út it wetter. Se hie pine yn de holle. Se is nei it sikehûs yn Snits brocht.