Bou Esonstad pas yn 2003

05 sep 2002 - 00:00

Mei de bou fan Esonstad yn Eastmahorn kin pas yn 2003 begûn wurde. Neffens wethâlder Oosterhof fan Dongeradiel rint de bou fan de 240 fakânsjehúskes fertraging op troch juridyske prosedueres. De gemeente wachtet ek noch op subsydzje fan de provinsje. It kolleezje bliuwt nettsjinsteande de fertraging optimistysk oer de bou fan it projekt dat miljoenen euro's kostet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)