Cambuur hiert Dúts talint
SC Cambuur is der yn slagge om de Dútse jeugdynternasjonal Manuel Bölstler (19) foar ien seizoen te hieren. Bölstler komt fan Vfb Stuttgart, dêr't hy troch de grutte konkurrinsje yn it earste net oan spyljen takaam.
Bölstler koe kieze út ferskate clubs. Hy keas foar Cambuur, omdat de ûntfangst by de Ljouwerter club it ôfrûne wykein 'super' wie.