Aksje maksimumsnelheid Jorwert

© Omrop Fryslân
Bern fan basisskoalle de Krunenstrobbe yn Jorwert ha woansdeitemoarn aksje fierd tsjin automobilisten dy't te hurd troch it doarp ride. Sûnt trije wiken mei yn it doarp noch mar 30 km yn 't oere riden wurde.
Guon automobilisten hâlden har dêr net oan. Dêrtroch ûntsteane somtiden gefaarlike situaasjes. De bern dielden woansdei apels en in herinnering út.