Gjin jild foar Comenius

© Omrop Fryslân
Ljouwert jout foarearst gjin jild foar nije lokalen oan skoallemienskip Come- nius. Dy hie om 277.000 euro frege om ekstra lokalen pleatse te kinnen by de praktykskoalle om't it tal learlingen dêr yn 3 jier fan 59 nei 113 tanaam is.
Comenius set de útwreiding dochs troch. Neffens de direksje kin de skoalle it jild sûnder problemen foarsjitte. In nije jildoanfraach wurdt oerwoegen.