Het Ambacht à la Jamie Oliver

© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Tsien oant fyftjin kânsearme jongeren krije by it nije restaurant Het Ambacht op It Hearrenfean de kâns kok te wurden. It plan is ynspirearre op it idee fan de Ingelske sjefkok Jamie Oliver. Dy hat restaurant dêr't sokke jongeren in kâns krije.
De eigeners fan restaurant Het Ambacht op It Fean hoopje sa de jongerein in oplieding te jaan sa't se wer perspektyf hawwe op in oare baan. Oankom tongersdei giet it restaurant iepen.