Schaaf wol eigen jeugdfinzenis
It befeiligingsbedriuw Schaaf út Twellegea wol in eigen jeugdfinzenis. Der kinne 25 jongeren yn. It bedriuw wol de eksploitaasje en bewaking dwaan.
Schaaf dy't jierren by justysje wurke, wol de jongeren better begeliede by it weromkommen yn de maatskippij. It jild is der al mar Schaaf siket noch in lokaasje. Oer twa jier moat de ynrjochting der wêze.