Yttinten Dokkum earder ticht

© Omrop Fryslân
De yttinten yn Dokkum moatte om trije oere nachts de doarren slute. Dat hat boargemaster Cazemier yn oerlis mei plysje en justysje besletten. De maatregel moat in ein meitsje oan de oerlêst yn it sintrum.
De hoareka komt sels ek mei maatregels. Der wurdt tocht oan it jaan fan giele en reade kaarten. De nije slutingstiid giet dit wykein al yn.