Hantekens tsjin seehûneleed

© Omrop Fryslân
Hast 500 hantekens hat frou Nijholt út Wolvegea sammele tsjin it seehûneleed yn Canada. Sûnt april is de frou dwaande, nei't se op televyzje sjoen hie dat de bisten deaknuppele wurde.
De organisaasje IFAW hie oproppen om hantekens te sammeljen. De direkteur is bliid mei de ynset fan frou Nijholt. Mei elkoar binne goed 30.000 hantekens yn Nederlân ophelle.