'Bylden fan Skylge net echt'

© Omrop Fryslân
Boargemaster Van Beukering fan Skylge oerwaget juridyske stappen tsjin V8. Dy omrop soe foar in programma bylden fan sûpende jongerein yn sêne setten ha.
De omrop soe ûnder mear sabeare fjochtpartijen by de Brandaris organisearre hawwe. Van Beukering wol V8 miskien ferfolgje fanwege útlokking. De omrop ûntkent de oanklacht. De gemeente wol earst de bylden sjen.