Trein botst op kij by Warkum

© Omrop Fryslân
De trein tusken Warkum en Starum is moandeitemoarn betiid ynriden op in keppel fan alve kij. Twa fan de alve kij hawwe it ûngelok net oerlibbe. De kij wiene losrekke út in stik greide.
It treinferkear hat troch it ûngelok twa en in heal oere stillein. Yn dy tiid waarden de reizgers ferfierd mei bussen. De reis fan en nei Starum duorre dêrtroch in stik langer.