Wetterkonferinsje yn Súd-Afrika

© Omrop Fryslân
De Fryske ynbring oan 'e konferinsje oer wetter yn Súd-Afrika hat fertuten dien. Sa sille pleatslike boeren in Fryske technyk brûke foar herbrûken fan wetter. Mooglik kin Paques út Balk oan it wurk yn de fleis- en learyndustry.
De konferinsje waard hâlden njonken de de VN-miljeutop. De Friezen wiene swier fertsjintwurdige yn 'e Nederlânske delegaasje.