Snits wol bêste binnenstêd

De Wetterpoarte yn Snits © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
De binnenstêd fan Snits moat de bêste fan Nederlân wurde. In groep ûndernimmers docht alle war om de titel yn 2013 binnen te heljen. Snits die al earder mei, mar kaam nea fierder as it twadde plak.
Takom jier binne in tal grutte projekten yn en om Snits hinne fierwei klear. Dat is neffens initsjatyfnimmer Herbert de Vries fan de Sneker sakelju it momint om de binnenstêd nij elan te jaan. De titel kin dêr goed by helpe.