Earste peal fan slepend projekt

© Omrop Fryslân
De bou fan it nije diel fan it gemeentehûs fan Dongeradiel is freed lang om let út ein set. It komt efter it besteande gemeentehûs yn Dokkum. Yn 2004 moat de nijbou klear wêze.
De gemeente hat jierren dwaande west mei de plannen, dy't alle kearen djoerder waarden. No noch is der in konflikt mei in buertbewenner, dy't syn hûs net slope litte wol foar de nijbou.