Hearrenfean lottet Boekarest

30 aug 2002 - 00:00

Hearrenfean komt yn de earste ronde fan it UEFA Cup-toernoai National Boekarest tsjin. De Feansters moatte 19 septimber earst nei Boekarest ta, op 3 oktober is de return yn it Abe Lenstra-stadion.

'It koe minder, mar ek better,' sei trener De Haan, dy't wol perspektyf sjocht. 'It is ûnbekend, dêrom is it moai dat we earst út spylje. Kwa nivo soenen we se ha moatte kinne.'

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)