FNP'er De Boer leit funksje del

30 aug 2002 - 00:00

FNP'er Siebren de Boer leit syn funksje del. It jongste riedslid fan Littenseradiel hat in nije baan yn Amsterdam. Hy hat no net mear genôch tiid foar syn riedslidmaatskip.

De 27-jierrige De Boer is fan doel om yn Amsterdam wenjen te gean. Hy stie yn maart as twadde op de kiezerslist fan de FNP yn Littenseradiel. Syn funksje wurdt no oernommen troch Tom Dijkstra.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)