'Blokkedoazen net legaal'

29 aug 2002 - 00:00

Ljouwert hie de appartemintekompleksen oan de Grienewei net bouwe mocht. Dat hat de Raad van State bepaald.

Mei de útspraak komt der in ein oan in jierrenlange juridyske striid tusken de gemeente en Theo Douma, âld-útbater fan de Koperen Tún. Troch de bou binne der parkearplakken foar syn etablissemint ferlern gien. Ljouwert moat no op 'e nij boufergunnings oanfreegje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)