Sleat yn Sint Anne fersmoarge

© Omrop Fryslân
De sleat njonken it spoar yn Sint Anne is slim fersmoarge mei kwik en koper. Neist de sleat lizze 25 folkstúntsjes. Hoe grut oft it fersmoarge stik sleat is, is net bekend.
De gemeenteried nimt tongersdei in beslút oer oanfoljend ûndersyk. By earder ûndersyk kaam de fersmoarging oan it ljocht. De kosten fan sanearjen wurde rûsd op 100.000 euro.