Singer-songwriter-contest

28 aug 2002 - 00:00

Foar de fyfde kear wurdt dit jier de Fryske singer-songwriter-wedstriid hâlden. Op freed 6 septimber nimme fiif acts it tsjininoar op yn De Gloppe yn Ljouwert. Fan 'e njoggen oanmeldings moasten fjouwer ôfwiisd wurde.

De winner mei ûnder oare Fryslân fertsjinwurdigje yn 'e regiofinale fan de Grutte Priis fan Nederlân. Fansels yn 'e kategory singer-songwriter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)