Wynmûnen yn Eaststellingwerf?

© Omrop Fryslân
Tusken Easterwâlde en Appelskea komt in grut wynmûnepark, as it oan de gemeente Eaststellingwerf en de NUON leit. De turbines moatte ferrize oan de N381 yn it gebiet de Maden. Foarearst giet it om seis wynmûnen fan 80 meter heech.
De gemeente hat it plan tiisdei foarlein oan de eigners fan de grûn dêr't it park pland is. De provinsje moat ek noch tastimming jaan.