Cambuur krijt mooglik priis
Cambuur makket gading oan de Hein Roethofpriis tsjin fandalisme. Dêrfoar is it projekt Helden rond de Velden nominearre, Cambuur's oanpak tsjin fuotbalfandalisme.
Benammen de persoanlike begelieding fan supporters dy't de fout yn gean, falt goed. Yn oktober wurdt bekend wa't de priis wûn hat. De priis is ynsteld troch it ministearje fan Justysje.