Dantumadiel pakt autohannel oan
Dantumadiel wol de yllegale autohannel yn de gemeente definityf oan bannen lizze. Autohannelers dy't mear as fiif auto's op it hiem ha, sille tenei oanpakt wurde.
Dantumadiel wol al sûnt lange tiid de yllegale hannel oanpakke, mar hie dêr oant no ta gjin hânfetten foar. It kolleezje is no mei in foarstel kaam dat wol mooglikheden jaan moat.