Utslach fierljeppen Drylts

28 aug 2002 - 00:00

Evert van der Wal wûn tiisdei de lêste wedstriid fan it Frysk Ljeppersbûn yn Drylts mei in sprong fan 17.97. By de froulju wûn Sjoukje Talma mei in persoanlik rekord fan 14 meter 44.

By de jonges wie de winst foar Piet Scherjon mei 16.45. By de junioaren wûn Bart Helmholt mei 16.77. It seizoen sit der hast op de ljeppers. No sneon is yn Gryptsjerk it Nederlânsk Kampioenskip.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)