Twadde faze ynintingskampanje

28 aug 2002 - 00:00

De twadde faze fan de ynintingskampanje tsjin meningokok type C is tiisdei út ein set. De earste opropkaarten foar 75.000 bern fan 6 oant en mei 14 jier wurde woansdei troch de GGD ferstjoerd.

De kaarten wurde no yn trije parten ferstjoerd, omdat oars it callcenter te folle beleste wurdt. Dat die bliken yn de earste faze fan de kampanje. De opkomst wie yn de earste faze 85%.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)