'Almere moat oer de streek'
Der moat alle war dien wurde om Almere dochs oer de streek te krijen en betelje 36 miljoen euro foar de oanlis fan de magneetsweefbaan. Dat die bliken by de ynterprovinsjale steatekommisje mei fertsjintwurdigers fan Fryslân, Grinslân en Drinte.
Almere hat in skoft lyn witte litten net meibetelje te wollen oan in sweef- baan tusken Amsterdam en Grins.