Kâns op fergoeding grutter?

© Omrop Fryslân
De druk op de polityk om de wetterskea fan boeren te fergoedzjen nimt ta, sa tinkt de NLTO. No't ek boeren út Flevolân en Brabân troffen binne, is it probleem lanlik wurden, stelt de organisaasje. Takom moanne moat dúdlik wurde hoe' grut de skea presys is.
In wurdfierder fan it ministearje seit lykwols dat it der earst noch net op liket dat der in skeafergoeding komt.