Koart plysjenijs

26 aug 2002 - 00:00

Twa manlju binne snein ferwûne rekke by in ûngelok yn Drachten. Ien fan har soe mei de auto links ôfslaan, mar trape op it gas, ynstee fan op de rem. De auto botste tsjin in beam. De autorider en syn passazjier rekken ferwûne.

In 38-jierrige ynwener fan Easterwâlde is snein ferwûne rekke. Hy remme mei de auto om ôf te slaan en waard doe fan achteren oanriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)