Frou dea oantroffen

26 aug 2002 - 00:00

Yn Ljouwert is sneintejûn in deade frou fûn, yn in wente oan de Stuyvesantwei. De deadsoarsaak is noch ûndúdlik.

Ut ûndersyk hat bliken dien dat de frou (23) freed op Achter de Hoven oanriden is troch in wite auto. Dy is dêrnei trochriden. Nei it ûngelok klage de frou oer pine yn 'e holle. De plysje sil seksje op it lichem útfiere en siket tsjûgen fan it ûngelok.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)