Klappen foar helpende plysjeman
In plysjeman hat sneintemoarn betiid op 'e Harkema klappen krigen fan in 31-jierrige Burgumer. De plysje wie mei in pear kollega's yn in kafee om in sûkerpasjint te helpen.
Doe't de plysjeman by de pasjint sjen woe, ferhindere de Burgumer dat troch te slaan en te skoppen. De man is oanholden, lykas syn 26-jierrige freondin dy't de oanhâlding keare woe.