Wurk spoarbrêge: gjin treinen

10 mrt 2012 - 09:09

Fanwege wurksumheden foar de Heak om Ljouwert ride der dit wykein gjin treinen fan Ljouwert nei Harns en fan Ljouwert nei Starum. Sneon wurdt in begjin makke mei de oanlis fan de westlike ynfalswei tusken de nije Heak en de stêd.

It treinferkear is stillein omdat by de spoarbrêge oer it Van Harinxmakanaal in relaishûs ferpleats wurdt. Dat is in stiennen gebouke, fan wêrút ûnder oare de seinen regele wurde. Dat stiet op it plak dêr't skielk in akwadukt boud wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)