Alve stêden mei de kano

© Omrop Fryslân
Trije kanofarders sille freed en sneon besykje om by de alve stêden lâns te farren. In ambysjeus plan, want it moat yn tritich oeren beslikke wêze.
Yn it ferline is de kano-alvestêdetocht wol yn seis dagen dien. De trije, fan in kanoferiening út Frjentsjer, sille sa'n 7 kilometer yn it oere farre. Se hoopje dat har tocht de oanset is ta in bliuwend evenemint.