PvdA freget om stipe foar ama's
De PvdA-fraksje fan Ljouwert makket him slim soargen oer de situaasje om de útprosedearre ama's hinne. Ama's binne allinnichsteande minderjierrige asylsikers.
Nei 1 septimber fan dit jier ferlieze útprosedearre ama's alle foarmen fan stipe. De PvdA wol dat it kolleezje maatregels nimt sadat de ama's net sûnder jild op strjitte bedarje.