Selstraf easke tsjin Grouster

22 aug 2002 - 00:00

Foar de Ljouwerter rjochtbank is tongersdei 20 moannen sel, wêrfan acht ûnder betingst, easke tsjin in 21-jierrige man út Grou. Dy wurdt derfan fertocht dat er yn jannewaris fan dit jier in ûngelok feroarsake hat wêrby't in freon fan him om libben kaam.

Neffens in tal tsjûgen soe de man te hurd riden ha. Ek soe er amfetamine brûkt ha. De útspraak is oer 14 dagen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)