350 foarstellingen yn Harmonie

© Omrop Fryslân
Mei muzykfestivals wol stedsskouboarch De Harmonie him ûnderskiede fan de oare teaters yn Fryslân. De Harmonie liet woansdei in priuwke fan it nije seizoen sjen. Der steane 350 foarstellingen programmearre.
De skouboarch luts ferline jier 200.000 besikers. Dêrmei stiet De Harmonie yn de top fiif fan Nederlân. Dit jier hopet de direkteur noch mear te lûken.