Mear romte foar Regiopost?
Regiopost kin mooglik yn de takomst oeral eigen brievebussen delsette. TPG Post jout syn monopolyposysje hieltyd mear op en dat jout romte foar oare postbedriuwen. Dy plannen moatte noch wol earst besprutsen wurde yn it kabinet.
Regiopost hat no 250 punten dêr't post ynlevere wurde kin. De punten moatte wol op partikulier terrein stean.