Hamburger nei Olympyske Spelen
Sjoerd Hamburger is ien fan de roeiers dy't yn de manljusacht foar Nederlân meidocht oan de Olympyske Spelen yn London. Dat hat it roeibûn freed bekend makke. De eardere ynwenner fan Aldeberkeap die fjouwer jier lyn ek mei oan de Olympyske Spelen yn Peking. Doe roeide er yn de skiff, mar helle dêr gjin medalje.
De Olympyske Spelen yn London begjinne ein july.