Steatssirkus net bang foar aksje
It Grut Russysk Steatssirkus nimt gjin ekstra maatregels tsjin mooglike aksjes fan it Dierenbeschermingsfront. It sirkus jout fan woansdei ôf yn Ljouwert acht foarstellingen mei de namme Maestro.
Yn Grins hienen bistebeskermers posters fan it sirkus fernield. Dêrmei protestearren se tsjin de yn har eagen te lytse hokken foar de wylde bisten.