Maatregels tsjin Cambuur-spilers

© Omrop Fryslân
Bestjoer en direksje fan Cambuur hawwe oankundige maatregels te nimmen tsjin de spilers nei oanlieding fan it 6-4 ferlies op 'e Jouwer. Mooglik wurdt it in boete. Cambuur-direkteur Merkus wol it ferlies net sa foarby gean litte.
Op Urk binne se lulk oer it optreden fan Cambuur, want hjirtroch is Urk útskeakele. Trainer Nieuwenhuis fan Urk fynt it optreden fan Cambuur in skande.