Swimwetter yn Fryslân goed

© Omrop Fryslân
De kwaliteit fan it swimwetter op de net-offisjele swimplakken yn Fryslân is goed. Dat is opfallend mei it each op de swiere reinbuien fan de lêste wiken. It bart dan faak dat der troch de rein smoargens yn it wetter komt.
Wetterskip Fryslân hat de plakken ûndersocht en der is mar ien plak dêr't it echt min is, de Riisterfeart. Op de oare plakken is it goed oant tige goed.