Erik Zabel wint etappe

20 aug 2002 - 00:00

Sprinter Erik Zabel wûn tiisdei yn Ljouwert de earste etappe fan 'e Eneco Tour. De Wytrus Alexandr Usov waard twadde, de Nederlanner Jans Koerts tred. De earste etappe gie fan Utert nei Ljouwert, in ôfstân fan 220 kilometer.

Robbie McEwen - de griene trui winner fan 'e Tour de France - stapte ôf fanwege in blessuere. De twadde etappe giet woansdei fan Dokkum nei Apeldoarn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)