Bushalte foar Winaam
Oer it algemien ferdwine der benammen bushaltes, mar Winaam krijt der no ien, foar it earst yn de skiednis. Dat komt om't Noordned in tal wizigings yn de tsjinstregeling trochfiert.
Noordned past per 1 septimber de bustiden fan in tal buslinen oan. De nije busline 76 sil tenei ride as belbus fan Winaam nei it stasjon fan Harns.