Boomsma wol bearenburchmuseum

19 aug 2002 - 00:00

Distillearderij Boomsma wol it eardere pân fan bearenburchfabrikant Meekma, yn Ljouwert, oernimme. Boomsma wol yn it gebou in museum fêstigje.

Boomsma besjocht oft it mooglik is om in histoarysk oersjoch te meitsjen oer it bedriuw en oer bearenburch. It bedriuw wol ek in drankfergunning foar it pân. Oant koart lyn brûkte Meekma it pân foar in edukatyf doel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)