Musikus Johan Bok ferstoarn

19 aug 2002 - 00:00

Dit wykein is yn Snits de musikus Johan Bok ferstoarn. Bok hat jierrenlang muzyk komponearre foar Fryske kabaretiers. Hy skreau ûnder oare foar programma's fan Tetman de Vries, Leny en Leo Dijkstra en Rients Gratama. By in tal programma's die er begelieding.

De lêste jierren wie Johan Bok aktyf as lieder fan it salonorkest Plumeau. Bok is 72 jier wurden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)