FEC moat noch wachtsje op jild

© Omrop Fryslân
It FEC yn Ljouwert is fierstente gau mei de oankundiging fan in rjochtsaak om jild fan de provinsje te krijen. Dat seit deputearre Bijman.
De provinsje en de gemeente Ljouwert hawwe ferline jier tasein 100-tûzenen euro's mei te beteljen om de feemerk yn it FEC yn stân te hâlden. De Europeeske Kommisje moat lykwols tastimming jaan, mar hat dat noch altyd net dien.