Brân yn wenhûs op It Hearrenfean

18 aug 2002 - 00:00

Der hat sneontenacht brân west yn in wenning oan de Stasjonsstrjitte op It Hearrenfean. De brânwacht trof binnen de 38-jierrige bewenster oan. De frou wie net ferwûne.

Nei't de brânwacht it fjoer útmakke hie, die bliken dat allinnich de foarkeamer folslein útbaarnd wie. Oare keamers hiene allinnich reekskea. De oarsaak wurdt noch ûndersocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)