Keninginne Beatrix nei Ljouwert

© Omrop Fryslân
Keninginne Beatrix komt op 27 septimber nei Ljouwert. Se sil dan it programma bywenje yn de Harmonie, fanwege it 250- jierrich bestean fan de Ljouwerter Krante.
De Ljouwerter Krante ferskynde foar it earst yn 1752 en is dêrmei de âldste noch besteande krante fan Nederlân. Freek de Jonge sil in konferense skriuwe foar de jubileumbyienkomst.